Eilân fan de silligen

Eilân fan de silligen

Auteur : Ypk fan der Fear

Date de publication : 2012

Éditeur : TDE

Nombre de pages : 161

Résumé du livre

Eilân fan de silligen is in histoaryske roman oer it libben fan Antoinette de Bourignon (1616-1680), dochter fan in rike roomske keapman út it Belgyske Rijsel. Antoinette flechte út har âlderlik hûs om oan in oplein houlik te ûntkommen. Nei ferskate omswervings bedarre se op it Waadeilân Nordstrand by Sleeswyk-Holstein en mei har folgelingen boude hja dêr oan har ideaal om in kristlike oergemeente te stichtsjen. Bourignon wie der fan oertsjûge dat God har útkeazen hie om it wiere kristendom út te dragen. Neit hja har leauweardigens ferlear, flechte Antoinette nei Amsterdam. Hja waard ûnderweis siik en ferstoar yn Frjentsjer. Ypk fan der Fear beskreau de haadfiguer as in frou dyt ûnder ynfloed fan mystike skriuwers en prekers harsels seach as in ynkarnaasje fan God. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1981.

Connexion / Inscription

Saisissez votre e-mail pour vous connecter ou créer un compte

Connexion

Inscription

Mot de passe oublié ?

Nous allons vous envoyer un message pour vous permettre de vous connecter.